Estafette Ljouwert wurdt 'recycleboulevard'

11 sep 2017 - 20:28

Ljouwert kriget in 'Recycleboulevard'. De winkel komt yn it plak fan de Estafettewinkel. Yn de recyclebûlevaar kinne minsken twaddehânsk guod keapje, mar de winkel hat boppedat in soad ekstra's te bieden. Offalferwurker Omrin hat dêrfoar gearwurking socht mei skoallen, ûndernimmers en mei de reklassearring. Mei dy partijen wurde aktiviteiten ûntwikkele lykas it opknappen fan meubels, in reparaasjewinkel, hoareka en in poppoadium. Foaral minsken dy't gewoanwei wat dreger oan de bak komme, sille dêr aansten in plakje fine. Der is plak foar mei-inoar 150 wurkminsken.

Neffens Omrin past de nije soarte winkel by de filosofy fan it bedriuw om te kommen ta in sirkulêre ekonomy, dêr't gjin ôffal bestiet mar alles op 'e nij brûkt wurdt, en in ynklusive maatskippij, dêr't net ien bûtenspul stiet. It gebou fan 8000 kante meter wurdt rom opset. Besikers moatte harren dêr langer fermeitsje kinne as yn de Estafettewinkel sa't dy der no is. De bou fan de nije 'wenbûlevaar' is yn hannen fan boubedriuw Jorritsma. It kompleks moat op 18 novimber klear wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)