Wetteroerlêst: Brânwacht komt yn aksje yn Noardwest-Fryslân

11 sep 2017 - 20:22

De brânwacht is moandei oan it begjin fan de jûn yn aksje kommen tsjin de wetteroerlêst yn Noardwest-Fryslân. Der is yn koarte tiid in soad rein fallen. De brânwacht is op meardere plakken tagelyk yn aksje kommen om it wetter fuort te pompen. Sa kamen der meldings út Hallum, Tsjummearum en Sint-Jabik.

Yn it lêstneamde doarp koe it wetter net fuortkomme op de krusing Geert Veenhuizenstrjitte-Kadal. It stie dêr splis en dêrom moast de brânwacht yn aksje komme.

(advertinsje)
(advertinsje)