FIDEO: 'Whole lotta shakin' mei de rêchsek om

11 sep 2017 - 20:03

Op gruttere stasjons yn Nederlân stean piano's en dêrtroch ûntstean soms nuveraardige taferielen. Sa koe in echtpear op it stasjon yn Ljouwert net stilstean bliuwe by it hearren fan 'Whole lotta shakin' goin' on' fan Jerry Lee Lewis en 'Tutti Frutti' fan Little Richard. De man hie de rêchsek noch om. Pianist Harmen Schiphof sit breed gnizend te spyljen. In filmke op Facebook dêroer wurdt goed besjoen.

Trefwurden: 
Facebook stasjon
(advertinsje)
(advertinsje)