Tennister Marianne Niessen (10) tredde op NK

Tennis © Omrop Fryslân
De jonge tennister Marianne Niessen is ôfrûne wykein yn Den Haag tredde wurden op it Nederlânsk kampioenskip. Sy kaam út yn de kategory famkes oant en mei 10 jier. Niessen spilet by tennisferiening 't Nijlân yn Ljouwert. Yn juny helle se ek al de Fryske titel. Se moast op it NK de striid oanbine tsjin fyftjin oare distriktkampioenen. De kampioene fan Utrecht waard Nederlânsk kampioen.