Helptsjinsten hâlde grutte oefening by bouplak N31 by Harns

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Op it bouplak fan de nije N31 yn Harns is tongersdeitejûn in grutte helpferlieningsoefening. Dêr dogge de brânwacht, de plysje, Rykswettersteat, de ambulânsetsjinst, it Reade Krús en de Maritime Akademy oan mei. Op it bouplak is in grutte iepen bak en dat jout de helptsjinsten de gelegenheid om ris in ynsidint yn sa'n situaasje te oefenjen.
Publyk kin der net by wêze. Mar de oefening is wol live te sjen fia ynternet, want der binne webcams en in drone dy't bylden meitsje.