"Smiten fjoerwurk fan bûten ôf stadion yn net te foarkommen"

11 sep 2017 - 16:54

It is hast net te foarkommen dat supporters fan bûten it stadion fjoerwurk op it fjild smite. Dat seit direkteur Ard de Graaf fan Cambuur. Ofrûne freed waard in reekbom it Cambuurstadion yn smiten, fanôf de iepenbiere dyk. Dat wie ûnder de wedstriid tsjin Jong Utrecht. De wedstriid waard 10 minuten stillein. De EHBO hat meardere minsken behannele dy't lêst hienen fan de reek.

De reekbom soe smiten wêze troch Ljouwerter supporters dy't lilk wienen omdat de tsjinstanner fan Cambuur, Jong Utrecht, in belofteteam is. Sokke teams soene net thúshearre yn de Jupiler League. Direkteur Ard de Graaf fan Cambuur fynt it hiel ferfelend dat der op sa'n manier protesteard wurdt.

Trefwurden: 
SC Cambuur fjoerwurk reekbom
(advertinsje)
(advertinsje)