FIDEO: Fuotbalklup Feanwâlden hat sinnepanielen op kluphûs

Sport Fryslân hat dizze wike útroppen ta 'Wike fan de sportferiening', mei as doel om sportferieningen te helpen. Ferieningen kinne by Sport Fryslân telâne mei fragen oer tema's, lykas frijwilligers, sponsors en fergoedingen. Dizze wike sjocht Omrop Fryslân by fiif sportferieningen yn Fryslân dy't wat dogge mei de ferskillende tema's.
Ien dan dy klups is fuotbalklup Feanwâlden. Sy wolle hielendal enerzjyneutraal wurde. Dêrfoar hat de feriening sinnepanielen op it dak fan it kluphûs lizze litten. Achttjin sitte der sûnt ferline jier al op, foar de oare sechstich is dizze simmer 12.000 euro ynsammele op in feiling. De feriening hat ûnder oare ek nije friezers kocht en in op ôfstân bestjoerbere termostaat ynstallearre.
Doel fan de maatregels is de kosten op enerzjyferbrûk te ferminderjen, oant de rekkening úteinlik op nul stiet. It jild dat oerbliuwt, wol de klup graach ynvestearje yn 'e jeugdoplieding.