Avanti ferliest mei 6-3

29 okt 2011 - 07:49
Foto: Omrop Fryslân

Sealfuotbalklup Avanti/Posthuma hat freed tsjin De Hommel út Den Bosch mei 6-3 ferlern. De Stienzers hiene in goeie start. Nei trije minuten spyljen wie it al 1-0. Mar de ploech út Den Bosch makke nei alve minuten de 1-1. Avanti wie de bettere ploech yn dy earste helte, mar krekt foar it skoft waard it toch 2-1 foar De Hommel.

Ek yn de twadde helte hie Avanti it bettere fan it spul. It bleau gelyk opgean oant 3-3. Yn de lêste 3 minuten makke De Hommel noch trije doelpunten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)