Edison foar Tineke Postma
De fan oarsprong Fryske saksofoniste Tineke Postma hat in Edison wûn, in hege Nederlânske muzykpriis. Postma krijt de Edison yn de kategory Jazz Nationaal. Se krijt de priis jûn útrikt yn it TV-programma Opium.
Neffens de sjuery is Postma in saksofoniste mei in dúdlike eigen styl. Tineke Postma komt fan It Hearrenfean en wennet op 't heden yn Amsterdam.