FIDEO: Taboe op selsmoard: Kris docht syn ferhaal

11 sep 2017 - 16:53

Op selsmoard rêst noch altyd in maatskiplik taboe; der wurdt net maklik oer praat. Yn Fryslân ha sa'n 30.000 folwoeksenen suïsidale gedachten en de helte fan dy minsken hat it hjir net oer mei oaren. Yn in soad gefallen binne skamte en eangst in drompel om help te sykjen. De 37-jierrige Kris van der Veen is opgroeid op De Harkema en hat yn syn tienerjierren wraksele mei de gedachte om himsels tekoart te dwaan.

"Ik koe it net mear oan"

"In sukkel, flikker, nicht. Ik leaude wat minsken tsjin my seinen. Op dy manier tocht ik oer mysels en letter waard dat slimmer. Kinst in oantal kearen yn de sitkûle op skoalle hearre: homo, flikker! Mar der is in grins. Ik koe it net mear oan. Dat siet allegearre yn myn holle. Ik hie sa'n stress. En dan is der mar ien mooglikheid om it ophâlde te litten: de dea, selsmoard."

Beppe

No, nei 20 jier, fertelt Kris syn ferhaal. "Ik doarde jierrenlang net oer dizze gedachten te praten mei myn famylje. En freonen hie ik destiids net. Mar by myn beppe thús, oan de Mellereed op De Harkema, fielde ik my altyd thús. Hjir yn de natoer, sûnder minsken om my hinne, fielde ik my feilich." De beppe fan Kris, Sietske Nicolai, fynt it noch dreech dat Kris sa ûngelokkich wie. "Ik nim it mysels kwea ôf dat ik neat dien ha; ik seach it net".

Prate helpt

Kris set him no yn foar 113.nl. Hy is homoseksueel en wol dêrom fia 113 oandacht freegje foar minsken dy't lesbysk, homo, bi en/of transgender (LHBT) binne, om't dy groep ekstra kwetsber is foar depresje en selsmoard. Minsken dy't selsmoardgedachten ha of har soargjen meitsje om in oar, kinne fia 113 selsmoardprevinsje mei professionals belje of chatte. "It wie der yn myn tiid noch net, mar oars hie it my seker holpen. Prate helpt, om't it in ferskil meitsje kin".

Ynfojûn

Yn stedsskouboarch Trebol yn Harns is moandeitejûn fan 19:00 oere ôf troch 113, GGD Fryslân én de gemeente Harns in jûn organisearre mei persoanlike ferhalen, panelpetearen en in live-optreden fan Syb van der Ploeg, om sa selsmoard besprekber te meitsjen. Ek is it mooglik om yn petear te gean mei in professional, ûnderfiningsdeskundige, neiste en/of neibesteande.

(Advertinsje)
(Advertinsje)