Binnen twa dagen bouwe mei flitsfergunning yn SWF

11 sep 2017 - 15:49
Foto: ANP

Ynwenners en ûndernimmers yn Súdwest-Fryslân kinne fan moandei ôf binnen twa dagen oan de slach mei in lytser bouwurk. De gemeente hat in flitsfergunning yn it libben roppen. Dy jildt foar bygelyks skeane útbouwen op dakken, oerkapingen, túnhúskes en stegers. Goed ien op de trije fan alle bouwurken yn de gemeente falt ûinder sa'n rappe flitsfergunning, sawat trijehûndert yn it jier.

Mei in flitsfergunning hoecht in oanfreger net mear wiken te wachtsjen. "Wy wolle it ynwenners en ûndernimmers makliker meitsje, seit wethâlder Gea Akkerman.

(Advertinsje)
(Advertinsje)