Fjouwer fertochten oanhâlden foar reekbomynsidint SC Cambuur

11 sep 2017 - 13:54

De plysje hat fjouwer fertochten oanhâlden foar it reekbomynsidint by de wedstriid tusken SC Cambuur en Jong FC Utrecht. It giet om fjouwer Ljouwerters yn de leeftiid tusken de 26 en de 31 jier. De plysje sil in dossier oanmeitsje en de saak foarlizze oan it Iepenbier Ministearje. Under de wedstriid waard in reekbom fan bûten it stadion nei binnen ta goaid. Ferskate supporters en frijwilligers hiene lêst fan de reek en moasten holpen wurde troch de EHBO.

Moandei spruts Cambuur him út tsjin it reekbomynsidint.

(advertinsje)
(advertinsje)