Min waar: start en finish SUP-alvestêdetocht yn Warkum

11 sep 2017 - 13:39

De organisaasje fan de SUP-alvestêdetocht hat in tal rûtes oanpast fanwegen it minne waar, en dan benammen de hurde oant stoarmige wyn. Start en finish fan de non-stop ferzje dy't moandei begûn, binne yn Warkum. Gewoanwei bart dat yn Ljouwert, mar dan hiene de suppers de earste tsien oeren tsjin de hurde wyn yn hân.

Woansdei soene de goed hûndert dielnimmers oan de tocht fan fiif dagen begjinne, mar fanwege de foarseine stoarm wurdt der dan heechút in rûntsje om Ljouwert hinne supt. Allinnich de alderbêsten suppe nei alle gedachten dy dei fan Snits fia Sleat nei Warkum, sadat se dochs alle alve stêden hân ha.

De SUP 11-CITY Tour, sa't de SUP-alvestêdetocht offisjeel hjit, wurdt foar de njoggende kear hâlden. Dielnimmers komme út ûnder oare Spanje, Sina en Poalen. Meielkoar nimme der tritich nasjonaliteiten diel oan it evenemint.

Trefwurden: 
SUP-alvestêdetocht suppen
(Advertinsje)
(Advertinsje)