Stichting Rijk voor Arm liedt de needklok

11 sep 2017 - 13:04

De Stichting Rijk voor Arm liedt de needklok. Der is dit jier te min jild en guod binnenkommen, wylst de oanfragen wol tanaam binne. De Stichting fersoarget 'jierdeisdoazen' foar bern fan fjouwer oant en mei tolve jier, as har âlden it jild net ha om de jierdei te fieren. Yn de doaze sit guod om de jierdei te fieren en in taart mei de namme fan it bern derop.

Op it stuit hat de Stichting noch in buffer om it dit jier út te sjongen, mar dêrnei is it jild op. Yn trije jier tiid binne sa'n 700 doazen yn Fryslân útrikt. De stichting siket nije sponsors en stipers om der mei trochgean te kinnen. Dat dogge se mei aksjes. "Als er geen donateurs pf sponsoren komen dan is het einde verhaal met de dozen. Als je die kopjes ziet, hoe blij ze zijn, het is verschrikkelijk als dit ophoudt," fertelt Simon de Jong fan de stichting. Foar 30 euro kin in bern holpen wurde mei in jierdeisdoaze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)