Cambuur poer oer reekbom by duel tsjin Jong FC Utrecht

© Twitter SC Cambuur
Fuotbalklup SC Cambuur hat him moandei útsprutsen tsjin it reekbomynsidint by de thúswedstriid tsjin Jong FC Utrecht. De reekbom soe goaid wêze as protestaksje tsjin belofteteams yn de Jupiler League. Op de eigen webside skriuwt de klup: "Het politieonderzoek is inmiddels in volle gang. Het mag voor zich spreken dat wij hier als club alle medewerking aan zullen verlenen en zelf ook de nodige maatregelen tegen deze daders zullen nemen."
De EHBO moast freed meardere supporters en frijwilligers helpe yn it stadion, om't se lêst hiene fan de reek dy't de reekbom feroarsake. Dy waard fan de dyk ôf it stadion yngoaid. De wedstriid hat dêrtroch ek sa'n tsien minuten stillein.
Onacceptabel
Cambuur hat de búk fol fan it ynsidint. "Als we één ding belangrijk vinden is het dat een avondje Cambuur een vermakelijke en veilige ervaring moet zijn. Bovenstaande actie is wat ons betreft dan ook volstrekt onacceptabel." Ek algemien direkteur Ard de Graaf fan de Ljouwerter klup is net te sprekken oer it foarfal. "Dit is uitermate vervelend", sa lit er witte.