Aksje 'LWD helpt Sint Maarten' komt goed op gong

11 sep 2017 - 12:08

De aksje 'LWD helpt Sint Maarten' begjint goed op gong te kommen. Inisjatyfnimmer Chaka Jean Pierre hat dit wykein ferskate opslachromtes oanbean krigen en dy wurde moandei allegearre besjoen. As it goed is, krijt se moandeitemiddei al de kaaien fan in opslachromte yn Ljouwert en kin it ynsammeljen en sortearjen fan klean, skuon, iten en drinken, toskboarstels, handoeken en oare helpmiddels foar it swier troffen Karibyske eilân begjinne. Orkaan Irma hat foar in hiel soad skea soarge.

Oprop

Chaka Jean Pierre wennet op Sint Maarten, mar is yn Ljouwert op besite by har âlden. Se soe it ôfrûne wykein weromfleane. Omdat dat net koe, is se mar in aksje begûn om har eilân te helpen. It ôfrûne wykein die se in oprop om help - ûnder oare by Omrop Fryslân - en dêr hat se in hiel soad reaksjes op krigen. Minsken dy't de aksje 'LWD helpt Sint Maarten' helpe wolle kinne har melde op it folgjende emailadres: lwdhelptsxm@gmail.com.

Lanlike aksje

'LWD helpt Sint Maarten' is ûnderdiel fan in lanlike aksje fan minsken fan it eilân om guod yn te sammeljen. Yn ferskate grutte stêden yn Nederlân wurde dizze wike sammelplakken ynrjochte. Ljouwert is, sa't it no liket, ien fan de earste. De helpmiddels geane oanslutend mei in frachtauto nei in seekontener yn Rotterdam om dan mei in skip nei Sint Maarten brocht te wurden. Freed is der in nasjonale aksjedei op radio en telefyzje. Dat hat it Reade Krús bekend makke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)