Lanlik minder kroegen; yn Ljouwert komme der krekt mear

© Google Maps
It tal kroegen yn Ljouwert is de ôfrûne tsien jier mei hast in kwart tanaam. Dat docht bliken út ûndersyk fan hoareka-advysburo Van Spronsen & Partners. Ljouwert giet yn tsjin de lanlike trend. Mei elkoar gie it tal kafees yn Nederlân de ôfrûne jierren mei 4 persint nei ûnderen. Us lân telt no mei elkoar 8.950 kroegen. Dizze delgong komt neffens de ûndersikers ûnder oare troch de tanommen oandacht foar sûn libje.
Hoe't it kin dat der yn Ljouwert no krekt mear kafees binne, is net dúdlik. Foar doarpskroegen binne der kânsen om te oerlibjen troch bygelyks in ôfhelpunt foar pakketsjes te wurden.