Earsteklassers Bogerman toeterjend it nije skoaljier yn

11 sep 2017 - 11:54

Op de csg Bogerman yn Snits klinke tiisdei hûndertfyftich plastic trombônes. Alle earsteklassers fan de middelbere skoalle jouwe middeis in optreden mei it ynstrumint om it nije skoaljier muzikaal útein te setten. Se binne op dit stuit al drok dwaande mei de repetysjes.

It muzykoptreden is ûnderdiel fan in spesjaal yntroduksjeprogramma yn de earste trije wiken fan it skoaljier. De nije learlingen kinne sa yn 'e kunde komme mei de skoalle, de klassen en de dosinten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)