CU yn kolleezje Dantumadiel

28 okt 2011 - 20:40
Gemeentekantoar Damwâld

It kolleezje fan B en W fan Dantumadiel is wer kompleet. Nei it opstappen fan Dantumadeel '82 as kolleezjepartner hienen de oerbleaune partijen, CDA en Partij van de Arbeid, gjin mearderheid mear yn de ried. De nije kolleezjepartner is de ChristenUnie wurden.

As kandidaat-wethâlder hat dy partij Ronald Dijksterhuis út Broeksterwâld nei foaren skood. De trije partijen fertsjintwurdigje no 10 fan de 17 sitten yn de ried fan Dantumadiel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)