Unibet: 'Veenstra wedde net'

28 okt 2011 - 20:55

Neffens it wedkantoar Unibet hat direkteur Robert Veenstra fan SC Hearrenfean noait op de útslach fan de wedstryd fan syn fuotbalklup tsjin Harkemase Boys wedde. Veenstra kaam fan 'e wike yn opspraak doe't bekend waard dat er wedde hawwe soe op de wedstryd.

Unibet seit net ta te stean dat spilers èn bestjoerders yn it betelle fuotbal wedzje. Veenstra hat dat by dizze wedstryd hielendal net dien, sa seit it wedkantoar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)