André Kuipers jout skoalbern les op Skylge

11 sep 2017 - 10:30

Ald-astronaut André Kuipers is moandei by skoalbern op Skylge del. Syn besite makket diel út fan in rige fan de 'Kinderuniversiteit' fan de Ryksuniversiteit Grins. Doel fan de berne-universiteit is om bern te ynteressearjen foar wittenskip.

By syn ferbliuw boppe de dampkring hie Kuipers goed sicht op it Waad en de Waadeilannen. Hy koe ek hiel goed sjen oft it eb of floed wie. Kuipers syn boadskip oan de bern is dat de kwetsbere ierde beskerming fertsjinnet. Fiif Skylger skoallen folgje it kolleezje fan Kuipers yn de Maritieme Aacademie Willem Barentsz. It giet om 115 learlingen fan de Vossersschool, CBS 't Jok, OBS 't Jok, Prinses Margrietschool en Hunnighouwersgat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)