Brommobyl yn 'e sleat nei oanriding mei bestelbus

Op de N358 by Ternaard is moandeitemoarn de bestjoerder fan in 45-kilometer auto ferwûne rekke. Even nei healwei achten waard it autootsje fan achteren oanriden troch de bestjoerder fan in bestelbuske. De brommobyl bedarre dêrtroch yn 'e sleat.
Brânwachtminsken hawwe de bestjoerder derút helle en oerdroegen oan ambulânsepersoniel. Ek de traumahelikopter waard ynset om medyske help te ferlienen. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. It 45-kilometer autootsje rekke swier skansearre. De N358 wie tusken Ternaard en Holwert tydlik ôfsletten.