Fryske kampanje tsjin selsdeading: "Prate helpt"

Fryslân sûnder selsdeading. Dat is de ynset fan de kampanje dy't GGD-Fryslân, 113 Zelfmoordpreventie en Fryske gemeenten begûn binne. Yn maaie sette de kampanje yn Harns útein. Yn Trebol wurdt moandeitejûn, yn it midden fan de kampanje, op in spesjale byienkomst opnij wiidweidich stilstean by selsdeading en wat je dwaan kinne om it foar te kommen.
Stressfol
Prate kin goed helpe. Dat fynt ek Kris van der Veen. Hy waard in soad narre op de middelbere skoalle en woe himsels tekoart dwaan. "Do kinst in oantal kearen lâns de sitkûle yn 'e skoalle rinne en hearre 'homo, flikker!', mar ik koe dat op in gegeven momint net mear oan. Dus ik betocht allegear trúkjes om dy situaasjes út de wei te gean en dat is echt sa stressfol, dêr wie ik hiel bot mei dwaande."
Van der Veen siet op skoalle yn Bûtenpost, flakby in treinstasjon: "Ik tocht 'miskien moat ik mar foar de trein springe', mar ik hie dêr de moed ek net foar." Mei help fan syn dekaan op skoalle en petearen mei oare saakkundigen kaam hy út syn dal.
Taboe
Kris van der Veen wurket no ien dei yn de wike by 113 Zelfmoordpreventie om oaren te helpen. "Homo's, lesbiennes, biseksuelen en transgenders yn Nederlân tinke folle faker oan selsmoard as oaren. It belangrykste is om it taboe der ôf te heljen. Ik leau hiel bot dat prate helpt."