Kollum: "Let’s Lutz"

"Ofrûne freed wie de jierlikse Anita Andriesenlêzing. Dêr soe heechlearaar finansjele geografy Ewald Engelen syn ferhaal dwaan oer ‘De doodlopende weg van het neo-liberalisme’, in ûnderwerp dat ús allegearre oansprekt fansels. Mar dy bêste man kaam net opdaagjen. Dûs moast ien fan de organisaasje de oanwêzigen fan dit teloarstellende nijs op ‘e hichte bringe. De eare wie oan Lutz Jacobi.
Lutz pakte de mikrofoan en joech it publyk it folgjende boadskip: “Ha goeie! Professoaren dy steane der om bekend dat se hiel erg fokust binne op harren kennis en dat se ús fierder meinimme yn de wrâld fan harren wetenswaardigheden. Mar professor Ewald Engelen, dêr ha wy gjin fuck oan. Want dy man kin net de trein fan Amsterdam nei Ljouwert foar elkoar bringe. Hy wurdt tige betanke mar sokke professoaren dêr ha wy niks oan.”
Yn plak fan dat Haachske gejeuzel dat it ‘ontzettend jammer en zeer teleurstellend’ nijs wie dat de bêste professor Sjaak Afhaak wie, brûkte Lutz presys de wurden dy’t wy sels ek yn ‘e holle hiene. Rjocht foar syn raap, dêr hâld ik wol fan. Boppedat soe de wrâld der neffens my in stik oersichtliker útsjen as wy dat allegearre dwaan soene. En dêrom wol ik Lutz mar oanwize as de nije VN-vredesgezant.
Om te begjinnen stjoere we Lutz nei Noard-Koreä om dat nuvere mantsje Kim Jong-un dêr ris goed de wierheid te fertellen. Ik sjoch it al hielendal foar my. Kim Jong-un dy’t yn syn strakke griene legerpakje achter it buro sit as de doar fan syn swierbewaakte kantoar ynienen iepenfljocht. ‘Ha goeie!’ En wylst de Noard-Koreaanske diktator noch bekomme moat fan de skrik, set Lutz fûleindich útein mar har preek. “Boekemantsje, no moatst ris goed nei my hearre. Dat geouwehoer mei dy raketten, dêr ha wy fansels gjin fuck oan. Dus kappe, oars bist fan my mantsje.”
No time to waste, want nei’t se hear Oen te plak set hat, moat se fuortendaliks troch nei Sint Maarten. Troch orkaan Irma is it dêr in soart fan Drie Dwaze Dagen by de Bijenkorf wurden. Elkenien rôvet massaal de winkels leech. Minsken dy’t mei stellen guod de shop wer út drave, wurde troch Lutz yn de kraach grypt. “Ha goeie! Wêr sil dat hinne mei dy nije flatscreen telefyzje? Do hast ommers gjin iens stroom Einstein, dus hjir hast gjin fuck oan. Netsjes weromsette en lit ik it net wer sjen.”
It fleantúch stiet yntusken al wer klear, want ta beslút moat Lutz as de wiedeweerga nei Myanmar, om dêr de fjochtsjende partijen út elkoar te heljen. En sa soe de wrâld der yn in wike tiid mei tank oan Lutz in hiel stik frediger útsjen kinne. Mar Lutz soe Lutz net wêze as se net it alder-, alderdreechste konflikt fan dit momint oanpakke soe.
Dy heikele kwestje dêr’t sels it smelten fan it poaliis neat by is. Dêr’t alle knappe koppen fan ús lân har al mear as in healjier de harsens oer brekke. Dêr’t hiel Nederlân, wat sis ik: hiel Europa mei smart op wachtet. Just ja, de formaasje. Krekt in putsje foar Lutz.
Op it momint dat dy fjouwer keardels aanst wer begjinne te ûnderhanneljen oer de ferdieling fan de ministerposten, fljocht de doar iepen. “Ha goeie! Jonkjes, no moatte jim ris efkes goed nei my harkje. Dy pikkepoetserij, dêr ha wy fansels gjin fuck oan. It is tiid om knopen troch te hakken. Oer in oere binne jim klear. Sa net dan moat jim in dei lang lústerje nei de taspraak fan professor Ewald Engelen oer ‘De doodlopende weg van het neo-liberalisme’.”
Wedzje dat wy moarn in nij kabinet ha?"