Riekele Kobus wint lêste edysje BurgumRun

10 sep 2017 - 23:35

Riekele Kobus út Ljouwert hat snein de lêste edysje fan de BurgumRun op syn namme skreaun. It wie de tsiende edysje fan de hurdrinwedstriid, dy't mei sa'n 1000 dielnimmers útferkocht wie.

Kobus rûn de 16,1 kilometer yn in tiid fan 55.32. Douwe Nauta út Ljouwert waard twadde, Wilco Kooistra út Ljouwert tredde.

By de froulju gie de winst nei Immy Auck Karsbergen fan Wommels mei in tiid fan 1.03.52. Ydwine van der Veen (Goutum) wie twadde, foar Elly Rooda (Grootegast).

Trefwurden: 
BurgumRun hurddraven
(Advertinsje)
(Advertinsje)