60.000 besikers foar Admiraliteitsdagen Dokkum

10 sep 2017 - 22:14

Mear as 60.000 minsken hawwe it ôfrûne wykein in besite brocht oan Dokkum foar de Admiraliteitsdagen. Hoewol't de waarfoarsizzings min wiene, foel dat oer it hiele wykein allegear úteinlik wol wat ta.

Allinnich freedtejûn reinde it bot by it konsert Night of the Praams. "Toch werd dit concert goed bezocht, al waren er wel iets minder mensen dan vorig jaar. Op de zaterdagavond was het daarentegen drukker dan ooit. Naar schatting waren er alleen op die avond al tussen de 15.000 en 20.000 bezoekers’’, sa seit foarsitter Jan-Michiel van der Gang.

"Hoe doen jullie dat in Dokkum?"

Ek boargemaster Marga Waanders wie bot tefreden mei de gong fan saken by de Admiraliteitsdagen: "Ik krijg veel complimenten van collega’s. Ze vragen: hoe doen jullie dat in Dokkum? Het geheim is dat al die honderden mensen in staat zijn om op een unieke manier samen te werken." Waanders kin dan ek net wachtsje op takom jier: "Koester de herinneringen van dit jaar en droom alvast over 2018. Dan zien we elkaar hier weer!’’

Trefwurden: 
admiraliteitsdagen Dokkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)