Teolooch Harry Kuitert (92) ferstoarn

© ANP KIPPA
Teolooch Harry Kuitert is ôfrûne freed op 92-jierrige leeftiid ferstoarn. Kuitert hie yn de jierren '60 en '70 in soad ynfloed yn de protestantske tsjerken yn ús lân. Hy waard yn 1924 berne yn Drachten.
Kuitert sei yn de jierren 60 dat leauwen it wurk fan minsken is. Hy lei der de klam op dat alles wat oer God sein wurdt, fan de minske ôfkomt en dat kennis fan God eins net mooglik is. Syn boadskip wie yn dy tiid nij, hielendal yn de Grifformearde Tsjerke dêr't hy diel fan útmakke. Ien fan syn ferneamdste boeken wie 'Het Algemeen Betwijfeld Christelijk Geloof". In soad minsken dy't nei tsjerke giene mei twivels, rekken motivearre troch it boek om út de tsjerke te stappen. Foar guon kristenen wie Kuitert dêrom in ketter.
Kuitert spile ek in grutte rol yn de gearwurking tusken de herfoarme, grifformearde en luterske tsjerken yn ús lân. Dat soe yn 2004 liede ta de oprjochting fan de Protestantse Kerk Nederland.