Stichting op Toutenburg krijt Keninklike earepinning

10 sep 2017 - 20:38
Park Vijversburg

De Stichting op Toutenburg hat snein de Keninklike Earepinning krigen. De priis waard oan stichtingsfoarsitter Theunis Piersma oerhandige troch deputearre Sietske Poepjes. De earepinning is in symboal foar it respekt en de wurdearring dy't de Kening hat foar ferieningen en stichtingen dy't harren op in bysûndere wize foar de mienskip ynset hawwe.

De Stichting op Toutenburg is de behearder fan Park Vijversburg yn Tytsjerk. Snein waard it 125-jierrich bestean fierd, mei ûnder oare in kuierrûte troch it park en in oargelkonsert fan de ferneamde organist Martin Mans.

(Advertinsje)
(Advertinsje)