Hans Hiemstra wint 1/8 triatlon yn Wytmarsum

© Truus Bergsma
De 1/8 triatlon yn Wytmarsum is snein wûn troch Hans Hiemstra. Hy wie nei goed in oere binnen. Thomas Hobma waard twadde. Alex Bergsma tredde. By de froulju wie Yvonne Tinga de winner, foar Rosalie Torensma en Marijke Abma.
It wie alwer de fiifde edysje fan de triatlon yn Wytmarsum. Dielnimmers moatte 500 meter swimme, 20 kilometer fytse en 5 kilometer hurddrave. It wie de twadde wedstriid yn de saneamde WWW-Triatlonkompetysje. Der wurdt in klassemint opmakke oer de triatlons yn Warkum, Wytmarsum en Wommels. Op 3 septimber waard de triatlon yn Warkum wûn troch Rutger Duursma. De triatlon yn Wommels is takom wike.