Stjerrekoks yn aksje op Lauswolt

10 sep 2017 - 19:43

Op Lauswolt yn Beetstersweach is it fyftichjierrich bestean fan de Alliance Gastronomique fierd. De Alliance waard oprjochte om de kwaliteit fan de Nederlânske restaurants te ferbetterjen. Sa waard ynset op opliedingen en ek op it brûken fan bettere produkten. It is it âldste gearwurkingsferbân fan restaurants yn Europa.

Marc van Gulick fan Landgoed Lauswolt is foarsitter fan de klup. It lidmaatskip fan de Alliance jout neffens him oan dat de restaurants kwaliteit ha en dat je dêr goed ite kinne. It iten by it feest waard ek goed fersoarge.

Under oaren de eigen kok fan De Heeren van Harinxma Arjan Bisschop, ien Michelinstjer, Jonnie Boer fan restaurant de Librije yn Swolle, trije Michelinstjerren, en Peter Postma fan restaurant Kaatje bij de Sluis út Bloksyl, ien stjer, makken de gerjochten klear.

Trefwurden: 
Lauswolt Michelinstjer ite
(advertinsje)
(advertinsje)