Taksy by Oerterp giet yn flammen op
Op de dyk by Oerterp is sneintemiddei in taksy folslein útbrând. De sjauffeur wie mei bloed ûnderweis nei it UMCG yn Grins doe't er yn de gaten krige dat der in rare brânlucht yn syn auto hong. Krekt nei Drachten sette hy syn taksy oan de kant. De brânwacht wie gau te plak mar koe de auto net mear rêde. It bloed koe wol feilich steld wurde.