Aris ûnderút tsjin Leuven Bears

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris hawwe snein in oefenwedstriid tsjin de Belgyske klup Leuven Bears mei 66-60 ferlern. Aris koe goed meikomme mei de Belgen. Yn de earste helte wie it gat lang lyts, en by it skoft wie de stân 32-23.
Ek nei de pauze koe Aris goed bybliuwe. Nei it tredde kwart hienen de Belgen noch mar in gatsje fan trije punten (49-46). Dêrnei wie Aris der efkes ôf, want Leuven koe útrinne nei 64-49. In de lêste minuten kamen de Ljouwerters dochs wer werom yn de party. De einstân wie úteinlik 66-60.
Sneon oefene Aris tsjin Aalstar. Dat waard 83-57 foar de Belgen.