Van Zwieten, Bosma en Visser winne haadklassepartij Marsum

It winnende partoer yn Marsum © Omrop Fryslân, Henk Bootsma
De haadklassepartij trochinoar lotsjen in Marsum is sneintemiddei wûn troch it partoer fan Menno van Zwieten, Hyltje Bosma en Hillebrand Visser. Yn in spannende, mar kwalitatyf net heechsteande finale, wiene sy te sterk foar it partoer fan Bauke Triemstra, Pieter van der Schoot en Thomas van Zuiden. Op 5-4 en 6-2 wie it Hyltsje Bosma dy't de keats foarby sloech.
Menno van Zwieten waard útroppen ta kening. De lytse preemje yn Marsum gie nei it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar.