Susters Wevers nei WK turnjen yn Montreal

10 sep 2017 - 17:17
Sanne Wevers - Foto: ANP

Olympysk kampioene Sanne Wevers is troch bûnscoach Gerben Wiersma opnaam yn de seleksje foar it WK turnjen. Dat sil begjin oktober plak fine yn it Kanadeeske Montreal. Wevers foldie net oan de limyt, mar dat makke foar Wiersma net út.

Ek sus Lieke Wevers is opnaam yn de seleksje, mei Eythora Thorsdottir en Tisha Volleman.

(advertinsje)
(advertinsje)