Jurgen Streppel grutsk op eigen ploech

"Ik hoop dat de mensen genoten hebben," sa seit trainer Jurgen Streppel nei ôfrin fan de wedstriid tusken SC Hearrenfean en PSV. Streppel seach dat syn ploech al rap mei 2-0 foar stie nei goals fan Zeneli en Reza. Tsjinstanner PSV, dat Lozano yn de earste helte kwytrekke mei in reade kaart, kaam nea yn de wedstriid. Wie Hearrenfean no sa goed, of PSV sa min? "Je speelt wel tegen een topploeg in Nederland, met geweldige spelers. Maar wij waren gewoon beter vandaag. Ik heb genoten van mijn ploeg," sa sei in grutske Streppel.
Martin Hansen
"It talint yn dizze groep is ûngelooflik. It is geweldich om yn dit team te spyljen. Wy wiene dúdlik better hjoed". Martin Hansen, keeper fan SC Hearrenfean, is tige bliid mei de oerwinning fan hjoed. Hansen makke syn debút foar It Fean yn stee fan Wouter van der Steen as ferfanger fan de blessearre Warner Hahn. "Ik bin altyd klear om te spyljen, dus no ek. Ik wie der klear foar."
Kik Pierie, it grutte talint fan Hearrenfean, hie ek genoaten yn it fjild: "Als je binnen zes minuten 2-0 voorkomt tegen zo'n ploeg, dan gaat er zoveel door je heen. Dat is geweldig. Ik heb genoten." Pierie hat noch 2 jier in kontrakt by de Feansters, dy't dat graach ferlingje wolle. Mar neffens geruchten soe Ajax ynteresse hawwe yn de talintfolle ferdigener. Dêroer woe, of koe, Pierie neat sizze: "Als er iets nieuws is, horen jullie dat vanzelf wel. Waarschijnlijk als eerste."