Unnedich ferlies foar Snits Wyt Swart tsjin DHC

10 sep 2017 - 15:55
Logo VV Snits Wyt Swart - Foto: Omrop Fryslân

Snits Wyt Swart hat snein ûnnedich ferlern yn de haadklasse A. Yn Snits wie tsjinstanner DHC út Delft mei 3-2 te sterk. Yn it skoft wie it noch 2-0 foar de Snitsers.

Al yn de earste minút koe David van der Pol de 1-0 binnen koppe. Tweintich minuten letter kaam dyselde Van der Pol goed troch oan de rjochterkant fan it fjild. Syn foarset waard troch Kevin Huitema binnen wurke foar de 2-0.

Nei it skoft liet SWZ tsjinstanner DHC werom komme yn de wedstriid. De ploech út Delft mocht komme fan de Snitsers, en nei in oere soarge dat foar de oanslutingstreffer fan Vissers. Dêrnei gie it hurd. Binnen sân minuten wiene it Tromp (2-2) en Verhoek (3-2) dy't it duel folslein op syn kop setten. Trainer Germ de Jong besocht dêrnei syn ploech wer op de rit te krijen mei ferskate wiksels, mar de lykmakker kaam net mear op it skoareboerd.

VV Hearrenfean

Ek VV Hearrenfean spile snein in wedstriid yn de haadklasse A. Ut by RKAVV út Leidschendam waard it 0-0.

(advertinsje)
(advertinsje)