Trije fertochten fan swiere mishanneling op Saailân oppakt

10 sep 2017 - 14:44
Foto: Omrop Fryslân

De Ljouwerter plysje hat tanksij kamerabylden trije fertochten oppakke kinnen foar in gefal fan swiere mishanneling op it Ljouwerter Saailân. It giet om trije Ljouwerters fan 25, 28 en 29 jier. Se brûkten yn de nacht fan 25 op 26 augustus op it Saailân in soad geweld tsjin twa manlju. De plysje hat dat sjoen op kamerabylden fan de fjochtpartij. De slachtoffers waarden by it ynsidint holpen troch omstanners.

De kamerabylden fan de fjochtpartij wiene sa dúdlik dat de plysje de identiteit fan de fertochten achterhelje koe. Sy binne de ôfrûne wike foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy hat besletten dat de fertochten twa wiken fêstsitten bliuwe.

Trefwurden: 
swiere mishanneling
(advertinsje)
(advertinsje)