SC Hearrenfean wint ienfâldich fan PSV

10 sep 2017 - 14:22

SC Hearrenfean hat snein oertsjûgjend wûn fan PSV. Yn it eigen Abe Lenstra stadion waard it 2-0 foar de Feansters, mar dat hie noch folle heger útfalle kinnen.

Hearrenfean pakte PSV yn it begjin fan de wedstriid by de kiel. Al nei fjouwer minuten wie it Arber Zeneli die samar trochrinne koe rjochting de 16 meter fan PSV. Hy waard net oanfallen, helle út en skoarde mei in skitterjend skot yn de boppehoeke. Kwealik twa minuten letter kaam Denzel Dumfries goed troch oan de rjochterkant, en syn foarset waard troch Reza Ghoochannejhad binnen wurke.

Reade kaart

De ploech fan Jurgen Streppel wie dúdlik de bettere ploech op it fjild, en drukte PSV nei achter. Der wiene ek wol kânskes, mar mear goals fûlen der net. Yn de 37e minút moast PSV fierder mei tsien man. De Meksikaan Hirving Lozano krige in reade kaart fan skiedsrjochter Blom nei in oertreding op Dumfries.

Yn de twadde helte wie Hearrenfean baas yn eigen hûs. Der wiene kânsen foar ûnder oaren Zeneli, Reza en Thorsby, mar de goal woe net falle. Yn de 74e krige Reza de grutste kâns, mar syn penalty waard troch keeper Jeroen Zoet fan PSV út de linkerhoeke helle. Hearrenfean besocht ik dêrnei noch wol, mar in goal smiet dat net mear op.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean PSV fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)