Nard Brandsma mist titel nasjonale kompetysje fierljeppen

10 sep 2017 - 14:17

Erwin Timmerarends út Montfoort is sneon de winner wurden fan de nasjonale kompetysje fierljeppen. Hy wûn yn Vlist de lêste wedstriid yn in rige fan fjouwer mei 20.88 m. Dêrmei kaam hy yn it totaalklassemint oer de bêste twa wedstriden (it 1e duel waard ôflast en it minste resultaat mocht skrast wurde) krekt fierder as Nard Brandsma, dy't fanwege sykte de lêste wedstriid net meidwaan koe. Brandsma kaam 12 sintimeter tekoart foar de titel. Jaco de Groot waard tredde.

By de froulju gie de titel nei Dymphie van Rooijen út Harmelen. Sûnder in wedstriid te winnen bleaun sy Wendy Helmes sân sintimeter foar yn it einklassemint. Heidenskipster Marrit van der Wal waard tredde.

By de junioaren wie Jan Teade Nauta út Drylts oppermachtich. Hy wie oer twa duels mei 38.82 hast in meter fierder as de nûmer twa Richard van Bemmel (37.92) en mear as twa meter as de nûner trije Ricardo Faaij (36.08)

De jongestitel gie nei Reinier Overbeek. De Nederlânsk kampioen út Benschop wûn yn Vlist mei 18.43, en dêrmei bleaun hy Wietse Nauta yn de einstân 46 sintimeter foar. Jarich Wijnstra pakte it brûns.

De titel by de famkes gie nei Sigrid Bokma út Hylpen. Sy wûn twa fan de trije wedstriden, ek yn Vlist wie se de bêste mei 14.23. Iris Mulder út Vlist waard twadde, Fardau van Akker út Suwâld tredde.

(advertinsje)
(advertinsje)