Kommissaris Brok praat Frysk yn Buitenhof

Arno Brok © ANP
It Ryk moat de kommende jierren wer ynvestearje yn in 'fitale kulturele ynfrastruktuer'. Net allinnich yn de Rânestêd, mar ek yn de provinsjes dêrbûten, lykas Fryslân. Dat wie it boadskip fan kommissaris fan de Kening Arno Brok yn it telefyzjeprogramma Buitenhof. "It Ryk hat him de ôfrûne jierren foaral weromlutsen. Legere oerheden as Fryslân binne yn dat gat sprongen. Lit it Ryk wer in betroubere partner wurde", wie Brok syn boadskip.

De kommissaris brûkte de gelegenheid ek om op te treden as 'ambassadeur' fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018. Brok brûkte dêrby ek it Frysk. "Wy binne grutsk op ús kultuerdrager, it Frysk. Krekt dêrtroch fiele de Friezen har sa belutsen by de eigen kultuer", sei Brok, dy't fuortendaliks eltsenien oprôp om yn 2018 nei Ljouwert te kommen.

Brok gie yn it programma yn diskusje mei foarsitter Gijs Scholten van Aschat fan de Akademie van Kunsten. Dy wiisde der op dat in soad keunstners de provinsje ferlitte, omdat se as zzp'er yn de Rânestêd mear kânsen hawwe. "Het lijkt mij heel goed dat provincies kunstenaars proberen te binden, maar dan moet je ze wel wat bieden", sei de akteur. Hy pleitet foar mear 'wurdearring' foar de keunstner nei jierren fan besunigingen en kealslach.