Plysje hâldt trije manlju oan nei wenningoerfal Ljouwert

De plysje hat sneintemoarn op ferskillende plakken yn Ljouwert trije manlju oanhâlden. It giet om twa Ljouwerters fan 20 en 21 jier en om in man út Den Helder (29). It trio wurdt fertocht fan belutsenheid by in wenningoerfal, earder op de sneintemoarn oan de Ljouwerter Venuswei. By dy oerfal rekke nimmen ferwûne, mar wol waard ien fan de bewenners slein en bedrige mei in foarwerp dat sterk op in fjoerwapen like.

Om healwei seizen kaam de melding dat manlju dwaande wiene mei it oerfallen fan de wenning. De manlju bedrigen de trije oanwêzige bewenners en easken jild. De dieders naaiden nei ferrin fan tiid út yn in auto. It is noch net bekend oft se ek wat bút makke hawwe.

De plysje die gelyk nei de melding ûndersyk yn en om de wenning. Op kamerabylden fûn de plysje bylden fan de flechtauto. Dy waard justjes letter oantreffen flakby de binnenstêd. Mei help fan wer oare kamerabylden kaam de plysje in tal fertochten op it spoar. De trije oanhâlden manlju binne ynsletten. De plysje tinkt dat der noch mear minsken by de oerfal belutsen wiene. De resjerzje is noch dwaande mei it ûndersyk nei de oerfal. Dêrby wurdt ûnder mear gebrûk makke fan bylden fan kamera's dy't oanmeld binne by it projekt 'camera in beeld'.