Drok Admiraliteitsfeest frege minsken thús te bliuwen

10 sep 2017 - 11:37
It wie sneontejûn smoardrok by it haadpoadium fan de Admiraliteitsdagen - Foto: Marit Anker

It wie sneontejûn sa drok yn it sintrum fan Dokkum dat de organisaasje om healwei tsienen de minsken fia de sosjale media frege om net mear nei de binnenstêd te kommen. 'Kijk live vanuit uw luie stoel via RTVNOF', wie it advys fan de organisaasje. Benammen it haadpoadium oan de Syl wie net mear te berikken. By it twadde poadium op de Merk wie noch wol wat romte, mar om tolve oere wie ek de tinte hielendal fol.

Grutte problemen ha him net foardien op de Admiraliteitsdagen. Om it folk yn goeie banen te lieden waard de stêd om twa plakken ôfsletten, en dat hat neffens foarsitter Jan-Michiel van der Gang fan de Admiraliteitsdagen goed wurke. Op it grutte poadium oan de Syl wiene sneontejûn optredens fan Jeroen van der Boom, Nielson en Miss Montreal.



Ek op snein is der fan alles te rêden yn Dokkum. Sneintemiddei is der in Sing a Long op it haadpoadium mei ûinder oare Jelle B en Johannes Rypma. Sport Fryslân fersoarget clinics keatse, fierljeppe en skeelerjen, der is merke en der binne 22 foodtrucks foar iten en drinken. Lytse Hille slút om 19.00 oere de Admiraliteitsdagen ôf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)