Ofskiedstsjinst foar dûmny Bottenbley yn Drachten

10 sep 2017 - 10:28
Bottenbley yn de Betheltsjerke

Yn de Betheltsjerke yn Drachten is snein de spesjale ôfskiedstsjinst foar dûmny Orlando Bottenbley en syn frou Nelleke. Sneintemoarn wie de earste tsjinst en sneintemiddei om ien oere wurdt deselde tsjinst noch in kear holden, oars passe net alle minsken yn de grutte tsjerkeseal. Bottenbley hat 28 jier foargonger west fan de Betheltsjerke. Hy wie de driuwende krêft achter de groei fan de tsjerke. Under syn lieding gie it tal gemeenteleden fan 60 nei 4500.

De 34-jierrige Jacob Folkerts fan Teksel is de opfolger fan Bottenbley. Folkerts is wol opgroeid yn Drachten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)