KNMI warskôget foar swiere wynstjitten op Waadsee en Iselmar

It KNMI ferwachtet sneintejûn swiere wynstjitten op Waadsee, Iselmar en Noardsee. It ynstitút hat dêrom koade giel ôfjûn foar it noardwestlike kustgebiet fan Nederlân. Op Waadsee en Iselmar komme sneintejûn en sneintenacht swiere wynstjitten foar fan 75 oant 85 kilometer de oere. Oan see kin de wyn by buien sels oanhelje oant 95 kilometer de oere.

Healwei de nacht nimt de wyn yn krêft ôf, mar ek moandei hâlde we hurde wyn, sa meldt it KNMI.