Sjinkie Knegt wint 1500 meter op de Invitation Cup

10 sep 2017 - 09:07
Sjinkie Knegt - Foto: ANP

Sjinkie Knegt pakte sneon gelyk de oerwinning op de 1500 meter by de earste ynternasjonale wedstriid fan it seizoen, de Invitation Cup op It Hearrenfean. De Israeliër Vladislav Bykanov waard twadde. Daan Breeuwsma kaam net fierder as in sânde plak. "Ik moat der wat ynkomme. Makkest wat foutsjes, dêr leare je fan. Dêrom ride we dizze wedstriden ek." De Invitation Cup is net bysûnder belangryk foar Breeuwsma, omdat hy al pleatst is foar de wrâldbekerwedstriden.

By de froulju wûn de Ingelske Charlotte Gilmartin. Suzanne Schulting die lang mei foar in poadiumplak, mar gie yn de finale ûnderút, tegearre mei Jorien ter Mors. De Invitation Cup giet snein fierder mei de finales fan de 500 meter, 1000 meter en de ôflossing.

Trefwurden: 
shorttrack Sjinkie Knegt
(advertinsje)
(advertinsje)