Moandei berging fleantúchwrak yn Alde Feanen

10 sep 2017 - 08:10

Yn natoergebiet de Alde Feanen begjint moandei de berging fan it fleantúchwrak út de Twadde Wrâldoarloch. It giet om in Avro Lancaster bommewerper. Dy waard yn 1942 delsketten en stoarte del by it stoart de Ald Dwinger. De ôfrûne wiken binne al damwanden pleatst. Moandei wurdt úteinset mei de berging fan it wrak.

It tastel soe foar in grut part noch folslein wêze, sa hat bliken dien út mjittings fan de gemeente Ljouwert. De ferwachting is dat it stoflik omskot fan de Kanadeeske boardskutter F.J. Cooper noch yn it wrak leit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)