Oerfallers bedriigje Ljouwerters mei fjoerwapen

10 sep 2017 - 07:43
Wapene oerfal - Foto: Omrop Fryslân

Oerfallers hawwe sneintemoarn betiid de bewenners fan in hûs oan de Ljouwerter Venuswei bedrige mei in fjoerwapen. Yn it hûs wiene ferskate minsken oanwêzich. De plysje waard alarmearre troch de bewenster. By it ynsidint rekke nimmen ferwûne.

De oerfallers giene der fantroch mei in noch ûnbekende bút. De plysje is noch op it plak fan it ynsidint dwaande mei it ûndersyk. Letter mear ynformaasje.

Trefwurden: 
wenningynbraak
(advertinsje)
(advertinsje)