Aris ferliest oefenwedstriid tsjin Belgyske klup Aalstar

09 sep 2017 - 22:15
Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Aris út Ljouwert ha sneontejûn yn België de oefenwedstriid tsjin de klup Aalstar ferlern. Yn de begjinfaze gongen beide ploegen noch aardich lyk op. Sawol de Belgen as de Ljouwerters makken flaters troch sloardich te spyljen. Dochs wist de klup út Aalst al gau op foarsprong te kommen en dy stiene de Belgen net mear ôf. Fia de kwartstannen 19-11, 35-26 en 63-40 sette Aalstar de einstân op 83-57.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)