Nammebekendheid troch Iepen Monumintedei

Dit wykein fine de Iepen Monumintedagen plak en dat is goed foar de nammebekendheid. Dat seit Simone Vaatstra fan klokmakkerij Van der Schuit yn Stynsgea. Dit jier is it tema 'Boeren, burgers en buitenlui'. Troch it hiele lân hinne binne tûzenen monuminten fergees te besjen. Njonken de klokmakkerij kinne minsken op de Iepen Monumintedagen yn Stynsgea ek nei de Augustinitsjerke ta.