ONS Snits mei tsien man ûnderút tsjin Capelle

09 sep 2017 - 17:34

ONS Snits hat ek har tredde kompetysjewedstriid net witte te winnen: thús wie Capelle mei 2-0 te sterk foar de ploech fan trainer Chris de Wagt. De Snitsers begûnen noch goed oan de wedstriid: Ale de Boer krige yn de sânde minút de kâns om de skoare te iepenjen, mar fûn de doelferdigener fan Capelle op syn paad. Nei tolve minuten tocht Capelle op foarsprong te kommen: Tim Vincken skoarde fanôf de penaltystip, mar skiedsrjochter Stijn Berben karde it doelpunt ôf.

Yn de sechstjinde minút wie it wol raak foar Capelle: Olaf van der Sande kopte syn ploech op in 1-0 foarsprong. In pear minuten letter krige ONS Snits opnij in tsjinslach te ferwurkjen doe’t Klaas de Vries nei syn twadde giele kaart dûse mocht. Krekt foar it skoft krige ONS Snits-oanfierder De Boer noch in kâns op de lykmakker, mar syn skot gie foarlâns.

Yn de twadde helte krigen beide ploegen kânsen. Earst skeat De Boer mar krekt oer it doel fan Capelle, dêrnei kaam ONS Snits goed wei nei in klutssituaasje by de goal fan doelferdigener Volken Huisman. Dy lêste wie in kertier foar tiid kânsleas doe’t Capelle-spiler Angelmo Vyent de 2-0 makke.

Trefwurden: 
ONS Snits Capelle fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)